|

Jier 2022: in oandien jier

Jier 2022: in oandien jier

It jier is omtrint om, in moai momint om werom te sjen op it ôfrûne jier.
Dúdlik is dat 2022 in oandien jier wurden is foar ús club. In jier fan feroaring, in jier fan in trien mar ek in laits.

It jier 2022 stie yn it ramt fan it 75 jier jubileum. Krekt dit jubileum gie mei-inoar mei de grutste feroaring binnen ús club. Wy hawwe dit jubileum fierd lykas dot altyd by ús fierd, nammentlik mei elkoar! It wie in slagge feest!

En dan de feroaring! Yn 2022 kaam der in ein oan it prestaasjefuotbal op snein. De lanlike tendens hat ek ynfloed hân op ús club. As lêste sneinclub yn ús regio moasten ek wy der oan leauwe. Op 26 juny wie de lêste wedstryd fan ús vlaggenschip op snein. In dei om nea te ferjitten.

De oerstap nei sneon let djippe spoaren efter binnen ús club mar biedt ús ek de kâns om it unike karakter fan ús club te behâlden. It jier 2022 stie ek yn it ramt fan de opbou fan ús sneonôfdieling. De belutsenen hawwe ôfrûne jier in soad wurk ferset om dit te bewurkstelligjen en it resultaat mei der weze. De kommende jierren sille yn it teken stean om dit resultaat troch te lûken en te ferbetterjen . Ek dat moatte wy mei elkoar dwaan. “Foarelkoar mei elkoar!”

Hy hie it al yn 2021 witte litten, mar yn 2022 kaam der in ein oan it 12 jier foarsitterschap fan ús foarsitter Richard. Jierrenlang wie hy it gesicht fan us club nei bûten. Gelokkich bliuwt Richard yn ferskate rollen belutsen by de club en dêr binne wy fansels bliid mei.

2023
Wy stean oan op e drompel fan it jier 2023. Wat giet 2023 ús bringe? It ôfrûne jier hat wol sjen litte dat vv de Wâlden libbet. Wy binne as bestjoer der fan oertsjûge dat it jier 2023 ús in soad bringe sil. Wy binne wer in club yn opbou en dat dogge wy mei elkoar.

Oant slot wolle wy as bestjoer jimme hiele noflike krystdagen tawinskje en in sûn en sportyf nij jier!

Tink oan elkoar!
groetnis it bestjoer

Vergelijkbare berichten